Earst thúsbesite foar operaasje

09 mrt 2005 - 09:02

Thússoarchorganisaasje De Friese Wouden wol 75-plussers dy't op de wachtlist stean foar in operaasje yn it foar thús opsykje. Dêrmei wolle sy dat meiwurkers besjogge oft der noch oanpassings oan de wenning nedich binne.

Dêrneist moat der ek besjoen wurde oft der foar de operaasje noch maatregels nommen wurde moatte, lykas it jaan fan in folsleine of lokale narkose.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)