Sel foar brânstichterij moskee

09 mrt 2005 - 00:18

In 25-jierrige man fan De Jouwer hat in straf fan twa jier krigen, wêrfan in heal jier ûnder betingst. De man hat yn novimber ferline jier besocht de moskee op It Hearrenfean yn de brân te stekken. De man hat tajûn dat er dat besocht hat.

De offisier fan justysje betwifelt oft de man wol spyt hat fan syn die. Ut psychiatrysk ûndersyk hat bliken dien dat de man net hiel stabyl is. Yn syn wente binne boeken oer Hitler fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)