Protest tsjin brûkersromte Tunen

© Omrop Fryslân
Sa'n fjirtich bewenners en winkellju fan De Tunen en omjouwing ha tiisdei protesteard. Se binne tsjin de komst fan in brûkersromte foar drugsferslaafden oan de Tunen. De brûkersromte moat by de dakleaze-opfang komme. De buert fynt it in ûngelokkige kombinaasje en is benaud foar oerlêst.
Wethâlder Hafkamp fan Ljouwert hearde de beswieren oan, mar bliuwt by har beslút. De ried moat noch grien ljocht jaan. De ried hat in soad fragen.