Bearenburch-skeel yn Wâldsein

08 mrt 2005 - 16:20

Yn Wâldsein ha twa froulju spul oer de namme fan Bearenburchfabrikant Westra. De famylje Westra, dy't al sûnt 1862 Westra-Bearenburch makket, hat foar de rjochter easke dat de pleatslike sliter de namme Westra tenei net mear brûkt.

Neffens Janke Westra stiet de namme fan de famylje noch op auto en ruten fan 'e sliterij. Ek op ynternet soe sliterij Wâldsein fan Monique Lekkerkerker Westra Bearenburch ferkeapje. De rjochtbank docht tongersdei útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)