Amelân tsjin flink hegere OZB

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan It Amelân is tsjin in ferheging fan de ûnreplikguodbelesting mei 15 persint. De helte fan de ried wol dat de belesting mei mar seis persint ferhege wurdt, de oare helte wol net fierder gean as trije persint.
De ferheging fan 15 prosint wurdt foarsteld troch boargemaster en wethâlders. Dat is neffens har nedich om in tekoart fan trije ton op de begrutting op te heinen.