Tsjûgen stekpartij socht

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei in stekpartij, moandei yn Sonnegea. Yn in auto waard in 34-jierrige ynwenner fan Eindhoven fûn, dy't yn 'e hals stutsen wie. Twa oare manlju dy't yn de auto sieten, waarden troch de plysje meinaam as tsjûgen. It giet om in man út Sonnegea en in oare man sûnder wenplak.
Letter die bliken dat de manlju mooglik wat mei de stekpartij te krijen hawwe. De plysje siket no tsjûgen dy't dêr helderheid oer jaan kinne.