Soarchpunt yn bank Droegeham
Zorgkwadrant Fryslân-East wol in stipepunt iepenje yn Droegeham. Dat soe yn it gebou fan de Rabobank komme moatte. It soarchkwadrant wol it bankkantoar oernimme. It is de bedoeling dat in part fan de bank op woansdeis iepenbliuwt foar jildsaken. Ek de jildautomaat bliuwt.
It stipepunt moat soarch en tsjinsten oan minsken thús leverje.