'Tûzenen nije huzen by Drachten'

08 mrt 2005 - 10:46

Oan de súdkant fan Drachten moatte tûzenen wenten boud wurde. Ek moatte der bedriuweterreinen en nije lokaasjes foar kantoaren ûntwikkele wurde. Dat sizze de CDA-fraksjes yn Smellingerlân en Opsterlân oer de útwreiding fan Drachten oan de súdkant, yn de rjochting fan Beetstersweach.

De nije wenten moatte op grutte kavels komme. Drachten en Beetstersweach meie troch de útwreiding net oan elkoar fêst groeie, fynt it CDA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)