Jong Fean-jong Cambuur: 3-0

© Omrop Fryslân
Jong Heerenveen hat tiisdeitejûn mei 3-0 fan Jong Cambuur wûn. It wie in oefenwedstryd yn it Cambuur-stadion yn Ljouwert. Doelpuntemakkers wiene Dennis Kalinkov, Thomas Prager en Emrick de Vriese.
De wedstryd waard sûnder publyk spile, op lêst fan de plysje. It wie fan te foaren net bekend makke dat de wedstryd spile wurde soe om sa min mooglik publyk derby te krijen.