Brân Friesland Foods oanstutsen

07 mrt 2005 - 17:58

De brân by Friesland_Foods yn Ljouwert is nei alle gedachten oanstutsen. De plysje hat moandei in man fan 21 jier út Ljouwert oanhâlden. Hy is troch tsjûgen sjoen op it ôfsletten terrein fan it fabryk yn Ljouwert. Hy wurdt fertocht fan it oanstekken fan it fjoer.

De produksje by Friesland_Foods - oan de Stuyvesantwei yn Ljouwert - leit noch foar in grut part stil. De brân fan sneintenacht hat foar miljoenen euro´s skea oanrjochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)