Famke dea troch koalmonokside

07 mrt 2005 - 12:58
Foto: Omrop Fryslân

In famke fan 13 út Boalsert is sneon omkommen op de Snitser wenboat fan har heit. Nei alle gedachten is it famke fergiftige troch koalmonokside. De heit fan it famke wie út de tiid en is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

De plysje hat de saak yn ûndersyk en tinkt dat de koalmonoksidefergiftiging it gefolch is fan in defekte gaskachel. Ferline wike freed explodearre yn Ljouwert in wenboat nei't de bewenner syn kachel oandie.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)