Koartebaanwedstriid Ulesprong
Gert-Jan Pranger fan Grins hat sneintemiddei de koartebaanwedstriid natueriis yn Ulesprong wûn. Der diene 37 dielnimmers mei. It wie in wedstriid ûnder barre omstannichheden, want der foel wer snie.
De baan waard dêrom sa koart mooglik hâlden: 160 meter. Mark Jan Bodegem fan Bergambacht waard twadde. Bêste Fries wie Johan de Jong fan Gersleat. Hy waard tredde.