Weening einiget as 9e yn Murcia

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema is yn de Ronde fan Murcia njoggende wurden yn it algemien klassement. Yn de lêste etape eindigde de striid yn in massasprint dy't wûn waard troch de Australiër Allan Davis. Weening spile gjin rol yn dy lêste etappe.
Winner fan de ronde waard de Spanjaard Koldo Gil. Weening hie in efterstân fan in lytse twa minuten op de koprinner. Hy dankt syn klassearring oan in fjirde plak yn de berchrit fan sneon.