Oanhâldings fanwege kroechrúzje

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon fiif jonges en manlju tusken de 17 en 23 jier oanhâlden, út Tsjom, Frjentsjer en Winsum. Se wiene belutsen by in fjochtpartij yn in kafee yn Winsum. Se hiene dêr spul hân mei in pear oare besikers. Der waard mei in barkruk slein en der sneuvelen ruten.
Doe't de plysje kaam, woene de fertochten krekt fuortride mei de auto. Se binne meinaam nei it plysjeburo.