Waadeilannen meiïnoar op beurs

© Omrop Fryslân
Foar it earst stean alle Waadeilannen fan 't jier meiïnoar op de grutte nasjonale fakânsjebeurs Uit en Actief. Dy wurdt dit wykein hâlden yn de Jaarbeurs yn Utrecht. It giet om in nije beurs, dy't hielendal rjochte is op fakânsjes yn eigen lân.
Earder stiene de Waadeilannen wolris op de Fakânsjebeurs, mar dêr drigen se ûnder te snijen tusken de eksoatyske bûtenlanske bestimmingen.