Dales wol keazen korpsbehearder

06 mrt 2005 - 12:59

As it systeem fan de keazen boargemaster ynfierd wurdt, moatte dy boargemasters ek de korpsbehearder fan in plysjeregio kieze kinne. Dat fynt boargemaster Dales fan Ljouwert, ek korpsbehearder fan de plysje Fryslân.

As je demokratisearje wolle, moatte je it ek goed dwaan, fynt Dales. Dêrom soe de korpsbehearder fan de plysje ek keazen wurde moatte. No is automatysk de boargemaster fan Ljouwert de korpsbehearder fan de plysje Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)