Futsal: H'fean ferliest

© Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan It Hearrenfean ha freedtejûn mei 5-4 ferlern fan de Leekster Eagles. De Grinzers kamen mei 5-1 foar. De Feansters hâlden har net oan de ôfsprutsen taktyk, der waard net spile yn tsjinst fan it team. Dat wie de twadde helte oars. Yn tsien minuten tiid wie de achterstân noch mar 5-4. In lykspul hie op basis fan de twadde helte fertsjinne west. Heerenveen stiet ûnderoan yn de eare- divyzje mei 14 punten út 21 wedstriden.