30 jongeren oppakt yn drugssaak

05 mrt 2005 - 13:16

De plysje hat de ôfrûne twa moannen 30 jongeren út Boalsert oppakt, fan tusken de 15 en 20 jier âld. Tolve wurde fertocht fan hannel yn harddrugs, lykas xtc en kokaïne. Acht fan harren sitte noch fêst. In man fan 41 en twa jonges fan 18 en 19 binne de haadfertochten.

De drugshannel spile him foaral ôf yn it sintrum en de hoareka fan Boalsert. Guon jongeren wurde ek fertocht fan oare saken, lykas it brûken fan geweld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)