Eaststellingwerf nominearre

© Omrop Fryslân
It gemeentehûs fan Eaststellingwerf is nominearre foar de noardlike foarronde fan de Nationale Energie Toekomst Trofee 2005. Dy is ynsteld troch it ministearje fan VROM en bedoeld om enerzjy te besparjen.
Yn it gemeentehûs fan Eaststellingwerf binne dêrfoar ferskate maatregels nommen. Sa is der swiere dak- wand- en flierisolaasje en kin waarme lucht opnij brûkt wurde. Troch de maatregels leit it gasferbrûk 12 persint leger.