Opfang Tunen falt net goed

© Omrop Fryslân
Bewenners en ûndernimmers op 'e Tunen yn Ljouwert bliuwe fûl tsjin de komst fan in kombinearre drugs-drankopfang mei in drugsbrûkersromte. Wethâlder Hafkamp ljochte woansdei har plannen ta.
De buert is benaud dat de oerlêst yn 'e buert tanimt. De polityk yn Ljouwert sil tiisdei te set oer it foarstel foar in kombinearre opfang. Oant no ta sieten drankferferslaafden op in oar plak.