250 nije hûzen yn Droegeham

© Omrop Fryslân
Droegeham wol de kommende 25 jier 250 nije hûzen bouwe. Dy moatte oan de noardkant fan it doarp komme. De plannen steane yn de takomstfyzje fan pleatslik belang. Dy binne tongersdei presenteard.
De 250 nije hûzen binne nedich om it tal winkels yn Droegeham yn stân te hâlden, seit pleatslik belang. De hûzen komme foar in part oan it wetter. Der wurde ek senioarewenten boud.