50 miljoen foar Ljouwert

© Omrop Fryslân
De provinsje en de gemeente Ljouwert ynvestearje de kommende fiif jier 50 miljoen euro yn Ljouwert. It jild komt boppe-op de 59 miljoen euro dy't de lêste fjouwer jier al útjûn is oan Ljouwert.
Mei it jild moatte de berikberens en de bedriuweterreinen yn de stêd ferbettere wurde. It is ek bedoeld om de kultuer in ympuls te jaan. Neffens provinsje en gemeente profitearret de rest fan Fryslân ek mei fan de ynvestearring.