Stakers Atoglas krije mear stipe

04 mrt 2005 - 10:46

De staking by Atoglas yn Ljouwert giet freed de tsiende dei yn en de ein liket noch net yn sicht. De stakers krije stipe fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert en fan de provinsje Fryslân. Beide hawwe in brief skreaun oan de haaddireksje fan it Frânske memmebedriuw Total.

Yn it brief skriuwe se dat se fernuvere binne oer de sluting fan Atoglas. De stakers roppe it publyk op om net mear te tanken by Total.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)