Befrijdingsfestival op oar plak

04 mrt 2005 - 09:44

It Befrijdingsfestival yn Ljouwert moat útwike nei in lokaasje by it stedsgymnasium yn de Arendstún. De tradisjonele lokaasje op it Oldehoofsterkerkhof is troch de bou fan in parkeargaraazje net beskikber.

De artiesten, wêrûnder't rapper Ali B., sille op 5 maaie nei de Arendstún en nei poadia yn de stêdsgrêft ferhúzje. De rest fan it programma wurdt holden yn de Prinsetún en oan de Grienewei.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)