Skoalle wreidet út

© Omrop Fryslân
Yn Houtigehage is de útwreide iepenbiere basisskoalle De Wiksel en it pjutteboartersplak De Hagekrobben offisjeel yn gebrûk nommen. Der wie ferlet fan útwreiding mei twa lokalen om't it tal learlingen bot tanaam en de skoalle net foldie oan wetlike easken.
Neist de útwreiding is ek de skiedingsmuorre tusken de skoallen en it pjutteboartersplak fuorthelle. Troch mear gearwurking moat it ûnderwiis yn it doarp ferbetterje.