Batavus ferliest heger berop
Bikemotion mei trochgean mei de ferkeap fan goedkeape Batavusfytsen fia ynternet. It gerjochtshôf yn Ljouwert hat dat bepaald. Dêrmei komt in ein oan in lange juridyske striid.
Batavus woe foarkomme dat dealers fytsen leverje oan Bikemotion. De rjochtbank hie al earder útsprutsen dat it fytsefabryk soks net oplizze mei. It beswier dêrtsjin fan Batavus is yn heger berop troch it Hôf fersmiten. Batavus moat de juridyske kosten betelje
Trefwurden:
argyf