'Gjin klachten oer doktersaksje'

02 mrt 2005 - 10:00

It pasjinteplatfoarm Fryslân hat gjin klachten krige oer it trochferwizen fan aksjefierende húsdokters. Direkteur Atsma fan it platfoarm kart de aksje dan ek net ôf. Guon oare platfoarms yn Nederlân binne tsjin de aksje om't pasjinten op kosten jage wurde. In trochferwizing nei it sikehûs hat gefolgen foar de no-claim.

De húsartsen fiere aksje om't se it net iens binne mei besunigings fan minister Hoogervorst fan folkssûnens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)