Revu oer reboelje Gaasterlân

01 mrt 2005 - 16:26

Der komt in revu oer de natuer- ûntwikkelingsplannen yn Gaasterlân. De presintaasje fan dy plannen soargen sa'n tsien jier lyn foar in protte reboelje yn de streek. It ministearje fan lânbou woe doe 560 bunder greidelân bestimme foar de natuerûntwikkeling.

Dat foel folslein ferkeard yn de streek. It protest hat der lang om let ta laat dat de plannen oanpast binne en dat de natuerclub Bosk en Greide oprjochte waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)