Baneferlies by Imperial Tobacco

© Omrop Fryslân
Der ferdwine 60 banen by it sjekfabryk fan Imperial Tobacco op 'e Jouwer. Dat hat de direksje fan it fabryk moandei bekend makke oan de 260 wurknimmers. Reden foar it baneferlies is de weromrinnende ferkeap fan de sjekmerken Drum en Van Nelle.
De fakbûnen binne bot skrokken fan de reorganisaasje en wolle dat der in goed sosjaal plan komt foar it personiel dat har baan ferliest.