Undersyk nei help oan buorlju

© Omrop Fryslân
Yn Teridzert, Alde- en Nijeholtwâlde sil ûndersocht wurde yn hoefier't minsken har buorlju helpe wolle. Pleatslik Belang hat in enkête rûn stjoerd wêryn't it freget hokfoar frijwilligerswurk minsken dwaan wolle. Sa moat ek dúdlik wurde wat minsken oan help nedich ha.
De frijwilligers sille benammen ynset wurde foar lytse putsjes. Pleatslik Belang wol in pûl opsette dy't de frijwilligers op paad stjoert.