Gea nimt bûtenplak It Wiid oer

01 mrt 2005 - 11:21

It Fryske Gea en it Frysk Lânboumuseum yn Eksmoarre nimme it rekreaasjegebou fan bûtenplak It Wiid yn Earnewâld oer. It besikerssintrum fan it nasjonale park Alde Feanen en it nije lânboumuseum krije dêr har nije ûnderkommen.

Earder woene it museum en it Fryske Gea tichtby it Wiid in nij gebou delsette. Dat smiet beswierprosedueres op fan bewenners fan de bungalows. Dy soene har útsicht kwytreitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)