'Polityk moat Atoglas helpe'

01 mrt 2005 - 07:03
Foto: Omrop Fryslân

De kaai ta in oplossing foar it konflikt by keunstoffabryk Atoglas yn Ljouwert leit by de polityk. Dat fynt FNV-bestjoerder Van der Kolk. Hy spruts moandei de stakende wurknimmers fan Atoglas ta.

Van der Kolk wol de situaasje by Atoglas yn it omtinken bringe by minister Brinkhorst fan ekonomyske saken. Dy soe syn kontakten yn Frankryk brûke moatte foar in oplossing. Atoglas is eigendom fan it Frânske Total.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)