Hurdere oanpak jonge kriminelen

© Omrop Fryslân
Plysje en justysje pakke fan 1 maart ôf minderjierrige 'veelplegers' hurd oan. By meardere arrestaasjes wurde se foar langere tiid opsletten of komme se yn in programma terjochte. Sa wol justysje se foar in kriminele karrière behoedzje.
Mearderjierrige kriminelen dy't yn herhelling falle wurde al langer hurder oanpakt. Dêrtroch fermindere it tal ynbraken yn huzen en auto's. Minder- jierrige 'veelplegers' meitsje har meast skuldich oan dieverij en geweld.