Trelit oer burrel yn doarpshûs

28 feb 2005 - 17:44

As der yn it doarpshûs fan Haulerwyk gjin sterke drank mear skonken wurde mei, komt it moetingsplak yn finansjele swierichheden. Dat sei foarsitter Willems fan de Stifting Doarpshûs Haulerwyk moandei by in rjochtsaak tsjin de gemeente Eaststellingwerf.

De gemeente wol dat der gjin jenever en bearenburch mear skonken wurdt yn it doarpshûs. It bestjoer fan it doarphûs wol fia de rjochter dochs noch in ûntheffing krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)