Heger berop yn saak-Steggerda

© Omrop Fryslân
In belangryk part fan it bewiis tsjin twa manlju út Grins yn de gizelingsaak yn Steggerda is yn heger berop fuortfallen. De twa binne earder al feroardield ta seis jier sel, op grûn fan belestende ferklearrings fan trije Assenaren. Dy seine dat de Grinzers harren op 7 desimber 2003 oanset hiene ta de oerfal op in bankmeiwurker. Yn it heger berop ûntkenne se lykwols dat de Grinzers it brein achter de oerfal wiene.