Kirby-klanten dupearre

28 feb 2005 - 16:43

Twa âld-meiwurkers fan stofsûgerfabryk Kirby ha besocht hûnderten klanten yn Noard- en East-Nederlân op te lichten. It giet om in 20-jierrige man út Slagharen en in 37-jierrige man út it Dútse Emlichheim. De twa binne oanhâlden.

De manlju bellen by de minsken oan en seine dat harren stofsûger in servicebeurt nedich hie. Der folgen dêrnei rekkens fan hûnderten euro's, dy't minsken kontant betelje moasten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)