Nije aksje tsjin boarjen op Waad

28 feb 2005 - 13:49

Mistrouwende leden fan 'e Waadferiening wolle in stifting oprjochtsje foar nije juridyske aksjes tsjin gasboarrings yn de Waadsee. De leden binne kritysk oer de opstelling fan 'e Waadferiening, dy't op it stuit leaver mei de NAM praat as neitinkt oer in strategy om de gaswinning op te kearen.

Neffens ferûntrêst lid frou Jonker is der genôch basis om te prosedearjen, want de gaswinning is yn striid mei de Europeeske Fûgelrjochtline.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)