Dronryp wol hûzen en swimbad

28 feb 2005 - 09:34

It tal hûzen yn Dronryp is de lêste tiid bot tanaam, dochs is der noch romte foar mear útwreiding. Dat skriuwt doarpsbelang yn syn fisy op de kommende tsien jier. Der is foaral ferlet fan hûzen foar senioaren en foar starters. Der wenje yn Dronryp no 3.500 minsken.

Doarpsbelang wol ek in winkelsintrum, mear parkearplakken en in fytspaad nei Hatsum. Fierder moat ûndersocht wurde of yn de Harnsertrekfeart by it doarp in swimbad oanlein wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)