Stânfries docht goeie saken
De kuorballers fan Stânfries wûnen snein mei 17-12 fan Steeds Hooger út Apeldoarn. By it skoft stiene de Redústers al mei 10-6 foar. Troch dit resultaat en it ferlies fan 'e konkurrinten VDW en HKV/OE is Stânfries ticht by in plakje yn 'e nij te foarmjen haadklasse.
De kuorballers fan Ljouwert ferlearen sneontejûn mei 16-14 fan ASVD. Ljouwert is troch dit ferlies degradearre.
Trefwurden:
argyf