Hornstra 3de op NK fjildrinnen

© Omrop Fryslân
Maaike Hornstra fan Jellum waard snein tredde op it Nederlânsk kampioenskip fjildrinnen yn Roggel. Yn 'e kategoary froulju boppe de 40 hie Hornstra 53 tellen mear nedich as winner Anne-Mieke van der Pol fan Nijmegen.
Rennie Talsma fan Mantgum waard njoggende yn 'e groep 50-plus. Karst Anema fan Stiens waard alfde by de manlju 55-plus. Anita Looper fan Aldeberkeap ferdigene har titel net, omdat se no yn New York wennet.