Harkema wint spektakelstik

© Omrop Fryslân
De Harkemase Boys wûnen sneon op eigen terrein mei 5-2 fan Urk. It waard in echt spektakelstik. Tony Alberda iepene de skoare foar de Boys: 1-0. Foar rêst waard it noch 2-0 fia in penalty. Yn 'e twadde helte kaam Urk wer werom fia Lindeboom: 2-1.
Oer en wer ûntstiene in soad kânsen. Hartman makke 3-1, mar Urk skoarde gau wer 3-2. Anton Jongsma tekene foar de fjirde en fyfde Harkemaster goal en sa waard it 5-2 foar de Boys.