Frysk damjen: Wiersma ferliest
Der is folop spanning by it kampioenskip damjen Frysk spul. Nei fiif rûnten geane titelhâlder Teake Kooistra fan Hartwert en Wiersma fan Wommels tegearre oan de lieding mei 4 punten. Hein de Vries folget op in heal punt. Wiersma ferlear yn 'e fyfte rûnte fan Stoffel Bouma, wylst Kooistra wûn fan Siebe Walinga en Kees Tijssen.
Yn 'e reserveklassen is it ek spannend. Beide groepen hawwe twa lieders, dy't stride om promoasje.