ONS Snits ûnderút yn Kampen
ONS Snits ferlear sneon yn en fan DOS Kampen, de nûmer lêst fan 'e haadklasse C. Snits spile dramatysk min, sûnder fjoer. Snits kaam noch op 0-1 fia Rudy Mann, mar in minút letter skoarde Kampen al de lykmakker. 1-1 wie ek de rêststân.
Yn 'e twadde helte skoarde Kampen noch trije goals. ONS die noch wat werom fia Sandor van der Heide: 4-2. Trainer Marcel Valk hie it oer in kollektive wanprestaasje fan 'e Snitsers.
Trefwurden:
argyf