Noardske falk faker yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Der dûke hieltyd faker Noardske falken op yn Fryslân. Op dit stuit binne der sa'n 75 fan dizze rôffûgels yn de provinsje, seit saakkundige Gerrit Krotje. Dêrmei is Fryslân de provinsje dêr't de Noardske falken it faakst oerwinterje.
Dat dogge se ûnder oaren yn de toer fan de Bonifatius-tsjerke yn Ljouwert. De Noardske falk wie hjir yn de jierren 50 en 60 hast hielendal ferdwûn troch it gebrûk fan bestridingsmiddels.