Alkoholkontrôles: 36 oertreders

26 feb 2005 - 15:54

By in alkolholkontrôle yn it noardeasten fan Fryslân is freedtenacht fan trije autobestjoerders it rydbewiis ynnaam. De trije hiene tefolle dronken. Njoggen oaren krigen in proses-ferbaal. Mei-elkoar moasten 256 bestjoerders blaze. De kontrôle waard útfierd troch 18 plysjeminsken.

By oare alkoholkontrôles waarden 24 bekeurings útdield foar riden mei tefolle drank op. Fjouwer bestjoerders moasten har rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)