Jild Lemsterlân foar kreamklinyk

26 feb 2005 - 14:53

Boargemaster en wethâlders fan Lemsterlân hawwe 10.000 euro oer foar de komst fan in kreamklinyk nei de gemeente. Sûnt de húsdokters yn Lemsterlân gjin befallingen mear dogge, moatte oansteande memmen nei sikehúzen. In soad froulju befalle leaver thús.

De gemeente hat mei soarchfersekerder De Friesland in kreamklinyk fûn dy't in dependâns yn Lemsterlân begjinne wol. Boargemaster en wethâlders stelle de rie no foar by te dragen yn de kosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)