Rapport soarch bekendmakke

26 feb 2005 - 13:56

It tal Friezen dat soarch nedich hat, sil yn de kommende 15 jier bot tanimme. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan de provinsje. Fanwege de groei moatte der hegere easken steld wurde oan wenningbou, helpferliening en soarchynstellings.

De provinsjale oerheid wol mei de sifers, dy't dizze wike bekend makke binne, it belied foar de kommende jierren meitsje. Benammen it tal demintearjenden sil bot tanimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)