Sven Kramer nei TVM-ploech

26 feb 2005 - 11:53

Reedrider Sven Kramer (18) fan Aldskoat komt fan takommend seizoen ôf út foar de TVM-ploech. De Nederlânsk kampioen by de allrounders waard freedtemiddei presintearre op it haadkantoar fan TVM yn Hoogeveen.

Sven Kramer wurdt mei syn oerstap nei de ploech fan trainer Gerard Kemkers ploechgenoat fan ûnder mear Jochum Uytdehaage en Carl Verheyen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)