Kursus rolstoelfeardigens

26 feb 2005 - 09:35

Impuls, it breedtesportprojekt fan de gemeenten It Hearrenfean, Lemsterlân, Snits en Skarsterlân, organisearje fan freed ôf in kursus rolstoelfeardigens en sport. De kursus is geskikt foar brûkers fan in rolstoel dy't mei de hân betsjinne wurdt.

Yn fiif middeis wurde de kursisten holpen de rolstoel optimaal te brûken. De oplieding besteget oandacht oan it trenen fan basisfoarmen, lykas falle, ride, draaie en balansearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)