Hearrenfean út UEFA-Cup

© Omrop Fryslân
It Europeesk aventoer fan SC Hearrenfean is oer. De útwedstryd tsjin Newcastle United gie justerjûn ferlern mei 2-1. It thúsduel ferline wike waard mei deselde sifers ferlern.
By rust wie it al 2-0 foar de Ingelsen troch in eigen doelpunt fan Breuer en in frije traap fan de Ingelske spits Shearer. Let yn de twadde helte benutte Arnold Bruggink in strafskop foar SC Hearrenfean.